"Fertochte net goed behannele"

Advokaat Mirjam de Vilder hat prinsipjele beswieren tsjin de gong fan saken yn de rjochtsaak tsjin har kliïnte Ada S. De 52-jierrige frou hearde 20 jier selstraf en TBS tsjin har easkjen. Neffens De Vilder binne de rjochten fan Ada S. net yn acht naam. Sa soe se ûnder druk set wêze troch de resjerzje by it ferhoar, dat somtiden wol 8 oant 10 oeren duorre.
Ada S. soe ferskate kearen frege ha om har advokaat, mar dat waard wegere. Dat is yn striid mei de regels. De advokaat hat dêrom frege om al dy ferhoaren net ta te litten as bewiislêst.
De rjochtbank moat noch in beslút nimme oer it fersyk fan de advokaat. Op 27 novimber komt de rjochter mei in útspraak.
Neffens it Iepenbier Ministearje stiet it fêst dat de frou yn elts gefal har twadde man út Frjentsjer mei opsetsin troch fergiftiging om it libben brocht hat. Se hat in pear dagen dwaande west om de man earst swakker te meitsjen en dêrnei deagean te litten. Krekt foar it ferstjerren is in libbensfersekering ôfsletten. Yn it gefal fan har earste man út Enkhuizen is moard neffens it IM dreech te bewizen.
Wol stiet it ûnthâlden fan needsaaklike medyske help fêst. Ek it yn brân stekken fan de wenning yn Brabân stiet neffens it IM fêst.