"Yn winter ride op de iisbaan"

30 okt 2014 - 17:30

We kinne dizze winter nei alle gedachten wer op de iisbaan ride. Dat ferwachtet waarman Piet Paulusma alteast. Yn syn jierlikse winterfoarsizzing seit Piet dat it in normale winter wurdt, mei foaral yn febrewaris kâns op in pear froastperioaden. It riden op iis yn fearten, polders en marren liket Piet net wierskynlik.

Piet foarseit boppedat dat der geregeld snie falle sil. Wite krystdagen sil nei alle gedachten net slagje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)