"Wenningkorporaasjes oanpakke"

De 'grootheidswaanzin' fan wenningboukorporaasjes is de reden fan de fraudegefallen en finansjele problemen by dy korporaasjes. Dat seit Klaas van der Veen, algemien direkteur fan hierdersferiening de Bewonersraad Friesland. It gedrach fan korporaasjes moat dêrom hurder oanpakt wurde en it bestjoer moat him oan de regels hâlde, fynt er.
Korporaasjes moatte lytser wurde, sadat se tichteby de hierders steane. Ek soene hierders mear ynspraak krije moatte yn de besluten oer besteging fan it jild.
De Bewonersraad Friesland docht freed in brief de doar út om te protestearjen tsjin de fúzjeplannen fan Elkien en De Wieren.