Earste diafestival yn Ljouwert

30 okt 2014 - 16:15

It earste diafestival fan de wrâld sil op 21 desimber yn Ljouwert plakfine. De organisatoaren binne no op syk nei Ljouwerters dy't noch dia's op souder lizzen ha. Wat der op de dia's stiet makket net safolle út. It meie bygelyks fakânsjedia's, houliksdia's of natuerdia's wêze. It doel is om yn ferskate húskeamers en by bedriuwen diafoarstellingen te jaan.

Der wurdt dan in spesjale rûte makke dy't ôflein wurde kin troch belangstellenden. Minsken dy't noch dia's op souder lizzen ha en meidwaan wolle, kinne har opjaan via www.diafestival.nl

Trefwurden: 
Ljouwert diafestival dia's
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)