Dosinten krije les fan topkoks

© Omrop Fryslân
Dosinten fan de hoareka-oplieding fan ROC Friese Poort yn Snits krije kommende tiisdei les fan de bekende koks Peter Klosse en Albert Kooy. Doel fan dizze Dutch Cuisine-les is dat de dosinten mear oandacht jouwe oan de prinsipes fan ferantwurde en sûn iten. Kooy is ien fan de inisjatyfnimmers fan Dutch Cuisine en pleitet foar plantaardich iten.
Koks moatte mear gebrûk meitsje fan farske, sûne produkten dy't by it seizoen passe. De ynformaasje dy't de dosinten krije, jouwe se wer troch oan har eigen studinten.