Twa nije gesichten by KH2018

Kulturele Haadstêd 2018
Hanita van der Schaaf en Harmen van der Hoek sille oan de slach foar Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. Van der Schaaf wie earder direkteur fan Beleef Friesland en wurdt ferantwurdlik foar de marketing en kommunikaasje by KH2018.
Harmen van der Hoek sil him as produser Nature en Culture dwaande hâlde mei ferskate programma's lykas 'Sense of Place' yn gearwurking mei Oerol, Kening fan de Greide en Embassy for Water.