Gifmoarden: eask 20 jier sel

Tsjin de 52-jierrige fertochte fan de saneamde gifmoarden is 20 jier selstraf en tbs mei twangferpleging easke. Neffens it Iepenbier Ministearje stiet it fêst dat de frou yn elts gefal har twadde man út Frjentsjer mei opsetsin troch fergiftiging om it libben brocht hat. Se hat in pear dagen dwaande west om de man earst swakker te meitsjen en dêrnei deagean te litten.
Krekt foar it fertsjerren is in libbensfersekering ôfsletten. Yn it gefal fan de earste man út Enkhuizen is moard neffens it IM dreech te bewizen.
Wol stiet it ûnthâlden fan needsaaklike medyske help fêst. Ek it yn brân stekken fan de wenning yn Brabân stiet neffens it IM fêst. De rjochter sil op 27 novimber útspraak dwaan.