Feanster pakt foar berôving

30 okt 2014 - 13:15

In 21-jierrige man fan It Hearrenfean is oanhâlden yn ferbân mei in berôving yn Grins, wêrby't in soad geweld brûkt is. De Feanster berôve yn oktober ferline jier mei trije manlju út Grins en Oude Pekela in 23-jierrige man út Bedum. Dy kaam mei syn freondinne út de bioskoop, doe't se by it stasjon de fjouwer manlju tsjin kamen. Dy dielden klappen út en stielen syn beurs en mobyltsje.

It ûndersyk smiet earst neat op, mar koe opnij oppakt wurde nei't in tsjûge ien fan de oerfallers rinnen seach en de plysje warskôge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)