Dronken automobilist ramt peal

Brantgum © Google Streetview
De plysje hat moandeitemidde yn Brantgum in 47-jierrige man út Holwert oanhâlden. De man siet mei drank op achter it stjoer en wie op de Ids Wiersmastrjitte tsjin in betonnen peal riden en yn de tún fan in wenning rekke. Omstanners koene foarkomme dat er útnaaide troch him de autokaaien ôf te pakken.
De plysje trof de fertochte oan mei in blik bier yn 'e hân. Hy wegere it fuort te dwaan. Doe't de plysje him út de auto lûke woe, trape de man yn de rjochting fan ien fan de plysjes. Hy is oppakt.
Op it buro die bliken dat de Holwerter te folle dronken hie. Nei ferhear mocht er wer nei hûs ta. Hy hat proses-ferbaal krigen. Syn auto is fuortsleept.