Oanpak fersakjen feangrûn

It moat yn de takomst ferbean wurde om op in beheind oantal plakken yn de provinsje mais te ferbouwen. Dat stiet yn de nije fisy op it Feangreidegebiet fan de provinsje. It fean yn Fryslan ferdwynt. De provinsje wol derfoar soargje dat dit proses stadiger plakfynt as no. It ferdwinen fan de feangrûn hat grutte gefolgen foar diken en gemalen. En huzen fersakje.
It ferbouwen fan mais hat grutte ynfloed op de grûn. Dat jildt ek foar in hiel leech wetterpeil. Ek dêr wol de provinsje wat oan dwaan.
De plannen moatte noch fierder útwurke wurde.