Jild foar oanpak hierwenningen

30 okt 2014 - 11:09

De provinsje komt mei sân miljoen euro om sosjale hierwenningen te ferbetterjen. It giet dan benammen om wenningen op it plattelân. In soad hierders yn dy wenningen binne no noch in soad jild kwyt oan stroom en gas omdat de huzen min isolearre binne.

Net alle wenningboukorporaasjes kinne hjir sels jild foar frij meitsje. Yn oerlis mei dy korporaasjes hat de provinsje no besletten om jild beskikber te stellen foar lieningen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)