Fytster ferwûne by oanriding
In 25-jierrige frou út Ljouwert is woansdei ferwûne rekke by in oanriding op de rotonde yn de Heliconwei. De frou stuts op de fyts de dyk oer en waard oanriden troch in 18-jierrige automobilist út Ljouwert.
It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.