Twadde sittingsdei gifmoarden

Ada S. Gifmoard foar de rjochter © ANP
Tongersdeitemoarn is yn de rjochtbank yn Ljouwert de twadde sittingsdei úteinset oer de saneamde gifmoarden. In 52-jierrige frou út Boxmeer wurdt fertocht fan moard mei gif op har 57-jierrige man út Frjentsjer. Ek soe de frou har earste man út Enkhuzen fermoarde ha. Tongersdei sil it Iepenbier Ministearje de eask bekend meitsje.
De advokaat fan de frou sil om frijspraak freegje. Neffens har is der gjin wetlik en oertsjûgjend bewiis dat de beide manlju troch in misdriuw om it libben kaam binne.