Ferlies foar UNIS Flyers

© Nicolien Sijtsema
De iishockeyers fan de UNIS Flyers fan It Hearrenfean hawwe woansdeitejûn yn eigen hûs mei 1-0 ferlern fan de Destil Trappers út Tilburch. Dit betsjutte de tredde winst op rige foar de Tilburgers op de Flyers nei de wedstriden om de Ron Bertelingskaal en no yn de bekerkompetysje. De iennichste goal foel al yn de earste perioade. UNIS Flyers krige dêrnei wol kânsen op de lykmakker, mar slagge der net yn om it net te finen. No freed spylje beide klups wer tsjinelkoar, dan is de wedstriid yn Tilburch.