Sikehûsbêden nei Sierra Leöane

29 okt 2014 - 22:26
  • Vidotrans leveret sikehûsbêden nei Sierra Leöane

It bedriuw Vidotrans fan It Hearrenfean sil ynkoarten 28 sikehûsbêden leverje oan Sierra Leöane. Dêr wurdt it materiaal ynset yn de striid tsjin ebola. De bêden binne tiisdei en woansdei klearmakke, sadat se tongersdei ferfierd wurde kinne nei Den Helder. Dêr wurdt it guod ynladen op in skip fan definsje, dat it nei Sierra Leöane bringt.

Foar direkteur Gerard van den Berg fan Vidotrans is it hiel normaal dat se bêden leverje oan in ebolalân. It bedriuw leveret folle faker materiaal oan ûntwikkelingslannen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)