"Frijspraak fan gifmoarden"

Advokaat De Vilder freget tongersdei om frijspraak fan de 52-jierrige frou dy't fertocht wurdt fan it fergiftigjen fan twa echtgenoaten yn Enkhuzen (2004) en yn Frjentsjer (2012). Neffens De Vilder is der hielendal gjin wetlik en oertsjûgjend bewiis dat de manlju troch in misdriuw om it libben kommen binne, lit stean dat de frou út Boxmeer dit dien hat.
De advokate jout ta dat der fertochte omstannichheden binne, lykas de libbensfersekering dy't de frou flak foar de dea naam op it libben fan de Frjentsjerter, mar dat is noch gjin bewiis.