Undersyk nei binnenstêd Dokkum

29 okt 2014 - 20:18
  • Dokkum

Dongeradiel lit in ûndersyk útfiere nei bysûndere gebouwen yn de binnenstêd fan Dokkum, dy't net oanwiisd binne as ryksmonumint, mar wol karakteristyk binne. It ûndersyk rjochtet him op de steat fan it gebou en de stêdeboukundige, arsjitektoanyske en kultuerhistoaryske wearde.

Op basis dêrfan beslist de gemeenteried hokker gebouwen 'karakteristyk' binne. De eigeners kinne dan makliker subsydzjes krije. De regels wurde net stranger, want alle gebouwen yn de Dokkumer binnenstêd falle no al ûnder it beskermd stêdsgesicht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)