Opskuor op stasjon Bûtenpost

28 feb 2012 - 10:12

In 29-jierrige man út Ingwierrum is moandeitemiddei oppakt op it Stasjonsplein yn Bûtenpost op fertinking fan bedriging. De man siet yn de trein alkohol te drinken en waard dêrop oansprutsen troch kondukteurs. Yn Bûtenpost stapte er út. De kondukteurs fregen him om in identiteitsbewiis, mar dat woe er net sjen litte. Der ûntstie in wrakseling wêrby't de fertochte de kondukteurs bedrige. De plysje hat de man meinaam nei it buro.

De opskuor op it stasjon luts flink wat sjoggers.

Yn de drokte rûn in man ek noch it spoar op, krekt doe't de trein fuortride soe. In plysjefrou sei dêr wat fan. De man like yn de war te wêzen en dêrom is er ek meinaam nei it plysjeburo. Dêr waard er ûndersocht troch in dokter en dêrnei mocht er wer fuort.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)