Tresoar hat aldermoaiste stik

Tresoar hat woansdei de ferkiezing 'Stuk van het Jaar' wûn. It Ljouwerter argyf hat in leafdesbrief ynstjoerd. It giet om in brief dy't in Fryske militêr fan it front oan syn grutte leafde skreaun.
Oan de ferkiezing dienen 49 argiven mei. Mei dizze wedstriid wolle de argiven lanlik mear bekendheid krije by it grutte publyk. Op it twadde plak einige it argyf út Kampen mei in gravuere oer de oerstreaming fan de Koekoekspolder. It tredde plak wie foar Schiedam, mei de tsjûgenis fan de lêste man dy't dêr ta de dea feroardield waard.