Bern 10 dagen sûnder sûker

29 okt 2014 - 16:18

Tsien dagen lang gjin sûker. Dat is de útdaging dy't de twadde klassers fan de MAVO fan it Dockinga College yn Dokkum oangean. It skoalprojekt is bedoeld om learlingen bewust te meitsjen hoefolle sûker se binnenkrije en watfoar effekt dat op harren hat. Guon bern hawwe sels lêst fan ûntwenningsferskynsels, lykas pineholle. Dosint biology Jessica Jansen hat it projekt betocht. It slút goed oan by it lesûnderdiel oer iten. De learlingen moatte in deiboekje byhâlde, dat se brûke moatte foar harren einferslach dêr't se dan in sifer op krije.

Takom freed is de lêste dei dat de learlingen it sûnder sûker dwaan moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)