Himpplantaazje yn Snits oprôle

29 okt 2014 - 15:14

De plysje hat tiisdeitejûn oan de Bourbonstrjitte yn Snits in himpplantaazje mei 240 planten oprôle. Trije fertochten binne oppakt. It giet om in 27-jierrige man út Ruslân sûnder fêst wenplak en twa Snitsers fan 31 en 46 jier.

De himpplanten en de apparatuer binne yn beslach nommen. Netbehearder Liander ûndersiket noch oft der ek yllegaal stroom ôftape is.

Trefwurden: 
Snits himpplantaazje
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)