Oktober ien fan de waarmste

De moanne oktober stiet yn de top 3 fan de waarmste oktobermoannen oait. Yn de bosken stean in soad beammen noch yn it blêd en guon blommen begjinne opnij te bloeien. Dat kin neffens Roel Vriesema fan Steatsboskbehear gjin kwea. "It ferpleatst him mei in pear wiken", sa seit Vriesema. Net allinne yn de bosken duorret de neisimmer langer.
Boeren profitearje ek fan it moaie waar, sy kinne langer kuile. "It is unyk dat der yn de oktober, as de wintertiid al yngong is, noch kuild wurdt, seit Geart Kooistra fan LTO-Noord.