IM ferdwynt net út Ljouwert

It Iepenbier Ministearje bliuwt altyd mei minsken yn Ljouwert oanwêzich. Minister Opstelten fan Justysje die dizze tasizzing woansdei by de rjochtbank yn Ljouwert. Hy wie dêr om in nij buordzje te ûntbleatsjen werop't stiet wat it IM allegear docht yn Ljouwert. Oardel jier lien ferhuze it IM nei Grins. Yn Ljouwert wiene doe allinnich noch fleksplakken oer.
Nei in soad ferset fanút de regio hat Ljouwert dochs in oantal ôfdielings weromkrigen. Boargemaster Crone is bliid mei de tasizzing mar seit de finger stevich oan de pols te hâlden.