Taksybedriuw Oenema fallyt

Taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean is troch de rjochtbank fallyt ferklearre. Oenema siet al langer yn finansjeel swier waar, ûnder oare troch in konflikt mei soarchoanbieder Alliade. Dy wegere in rekken fan goed fiif ton te beteljen, om't dizze neffens harren te heech wêze soe. Earder al waard de ôfdieling transport fallyt ferklearre.