Manlju pakt foar stellen auto

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat seis manlju fan 16 oant en mei 18 jier út De Harkema, Surhústerfean en Drachten oanhâlden foar it stellen fan in auto fan in 55-jierrige man út Surhústerfean. De manlju binne nei de stellerij op 19 april mei de auto oan it joyriden slein en hawwe dêrby ferskate fernielings oanrjochte.
De plysje kaam de groep op it spoar nei oanlieding fan tips fan tsjûgen. Se hawwe bekend en sille de skea fan 1000 euro betelje.