Strjitrôvers It Fean oanhâlden

29 okt 2014 - 10:36

De plysje hat op It Hearrenfean woansdeitemoarn twa ynwenners fan dat plak oanhâlden foar de acht strjitrôven dy't de ôfrûne tiid plakfûnen. It giet om twa Feansters fan 17 en 18 jier. Sy brûkten in soad geweld by de berôvings, hjirtroch ûntstie in soad ûnrêst op It Hearrenfean.

De strjitrôven wiene tusken 27 juny en 6 oktober op ferskate plakken op It Hearrenfean. It wie de oerfallers benammen om mobile telefoans te dwaan. Beide fertochten sitte fêst foar ferhoar troch de resjerzje. De plysje slút mear oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)