Man oanhâlden foar oplichting

29 okt 2014 - 09:14

De plysje hat woansdei in 19-jierrige man út Wolvegea oanhâlden foar oplichting en stellerij. De man benadere jongeren om harren in djoer telefoanabonnemint te ferkeapjen. De man soe de telefoan en it pakket oernimme en dêrnei it abonnemint opsizze. De telefoans soe hy ferkeapje en de opbringst diele mei de jongerein. Mar neidat de slachtoffers de telefoans oerdroegen, sieten se fêst oan in djoer abonnemint en krigen hast gjin jild fan de fertochte.

De man wurdt der boppedat fan fertocht dat hy in lienauto net werom brocht by in garaazje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)