Gifmoard foar de rjochter

29 okt 2014 - 10:09

Der binne in protte fertochte omstannichheden foar de 52-jierrige frou, dy't woansdei foar de Ljouwerter rjochtbank stiet. Se wurdt derfan fertocht dat se har 57-jierrige man út Frjentsjer yn 2012 mei gif fermoarde hat. Der is oanjefte dien troch de bern fan it slachtoffer. In motyf foar de frou foar de moard op har man soe wêze dat se in min houlik hiene, mar dat se fanwege har strenge leauwen net skiede woene.

Fertochte omstannichheid is dat de frou, flak foar it ferstjerren fan har man, in libbensfersekering ôfsletten hat fan 250.000 euro. Fierders wie de frou ferpleechkundige fan terminale pasjinten en koe sa maklik beskikke oer swiere medisinen, dêr't je ien mei fergiftigje kinne. De frou soe ek har earste echtgenoat, in man fan 44 jier út Enkhuzen, yn 2004 om it libben brocht ha. Fierders stiet de frou terjochte foar oplichting en brânstifting.

De Ljouwerter rjochtbank hat twa dagen útlutsen foar dizze saak.

Ferslachjouwer Onno Falkena docht ferslach fan de saak op Twitter:

Wat wurdt der Twittere?

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)