Aris kânsleas tsjin Donar

28 okt 2014 - 22:25

De basketballers fan Aris út Ljouwert ha tiisdei kânsleas ferlern. Yn de útwedstryd tsjin Donar út Grins waard it 86-54. By rêst stiene de Ljouwerters al fier achter mei 48-26. Der waard gjin lef toand en Aris wie net brutaal genôch. Donar rûn dêrtroch finaal oer de ploech hinne.

De folgjende wedstryd fan Aris is sneon thús tsjin Den Bosch.

Trefwurden: 
Aris basketbal Donar
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)