Ferbjustering oer wynmûneplan

28 okt 2014 - 21:23
  • Wynturbinepark op see

D66 Fryslân is ferbjustere oer de wynmûneplannen fan it kolleezje fan Deputearre Steaten. Neffens de partij hat it kolleezje de Fryske befolking twa jier lang foar de gek hâlden troch har meiprate te litten, wylst no keazen is foar de fariant dêr't de kolleezjepartijen twa jier lyn al ôfspraken oer makke hiene.

Ek de oare opposysjepartijen binne bot fernuvere oer de kar foar in grut wynmûnepark yn de Iselmar en in lytser park op de kop fan de Ofslútdyk. Sa sprekt de VVD yn in earste reaksje oer in swarte dei foar it Fryske toerisme.

De komst fan in wynmûnepark op de Iselmar sil it toerisme in soad skea opleverje, sa tinkt de partij. Neffens GrienLinks lit it kolleezje in soad kânsen lizze troch net serieus te sjen nei de bou fan parken op oare plakken yn de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)