Wetterberging by wetteroerlêst

Om wetteroerlêst foar te kommen set Wetterskip Fryslân de kommende desennia mear yn op it bergjen fan wetter. Polders en oare wetterbergingsgebieten binne de meast effektive en meast betelbere maatregels tsjin oerlêst, sa is berekkene. It Wetterskip hat it saneamde Feilichheidsplan bysteld nei oanlieding fan nije klimaatsenario's.
Ek de wetteroerlêst fan 2012 is dêryn meinaam. Der is sjoen oft de plande maatregels wol wurkje en alles is op 'e nij berekkene.
Sa docht ek bliken dat in nij gemaal by Lauwerseach foarearst net genôch effekt hat en dat foar minder jild mear winst helle wurde kin yn in gemaal by Harns of Holwert. Yn 2022 wurdt alles wer op 'e nij besjoen.