Droste werom by Cambuur

28 okt 2014 - 12:52
  • Wout Droste

Wout Droste is wer werom yn de basis by Cambuur. De ferdigener rekke op 22 augustus swier blesseard oan de holle yn de útwedstriid tsjin Heracles Almelo. Woansdei stiet hy wer yn de basis yn de bekerwedstriid tsjin de amateurs fan Scheveningen. Yn dy wedstriid stiet twadde keeper Harm Zeinstra yn de goal. Vytas hat in skoftke rêst krigen en Marlon Pereira is blesseard. Donovan Slijngard spilet foar Pereira. Op it middenfjild binne der basisplakken foar Bakker en Steblecki. Bob Schepers begjint ek yn de basis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)