Brânend fjoerwurk troch de bus

28 okt 2014 - 10:59
  • (fotofoarbyld)

Yn Snits is yn de nacht fan moandei op tiisdei by twa huzen brânend fjoerwurk troch de brievebus smiten. It giet om huzen yn de Obe Postmastrjitte en de Napjesstrjitte. It fjoerwurk is sels útgien neidat it ûntploft wie. Yn beide huzen wie der skea en binne de bewenners bot skrokken.

Neffens de plysje giet it om in hiele gefaarlike aksje. Yn Ljouwert wie ek oerlêst troch fjoerwurk. In rút fan in gebou oan de Maagdepalm waard fernield mei in fjoerwurkbom. De plysje ropt tsjûgen op harren te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)