Manlju mei tefolle himp pakt

© ANP XTRA
Twa 20-jierrige ynwenners fan Stynsgea binne yn de nacht fan moandei op tiisdei oanhâlden om't se 90 gram himp by har hiene. Yn Nederlân is 5 gram tastien. De mannen foelen op om't se midden yn de nacht mei harren auto op in parkearplak oan de Geawei by Stynsgea stiene. Doe't de plysje der oan kaam, besochten de mannen de pûde mei himp ûnder de auto te ferbergjen.
It guod is yn beslach naam. De mannen sitte noch fêst foar ûndersyk.