'Eindeloos' it meast markant

© Omrop Fryslân
Willem Schaafsma fan restaurant Eindeloos yn Ljouwert is moandeitejûn keazen ta meast markante ûndernimmer fan Fryslân. Schaafsma fersloech yn de útferkiezing Paul van Koppen fan Kwartier Noord yn Ketlik en Werner Zuurman fan Hotel Caracol op Skylge.
De ferkiezing is in inisjatyf fan Keninklike Hoareka Nederlân (KHN). De provinsjale winners stride begjin takom jier om de lanlike titel. KHN wol mei de wedstriid hoareka-ûndernimmers stimulearje om op in nije wize te wurkjen.