Nij moetingsplak foar Wiuwert

Wiuwert wol in nij moetingsplak foar de ynwenners fan it doarp. Dat moat komme op de lokaasje fan de âlde skatebaan by de provinsjale dyk by it doarp. Njonken in pannakoai, dêr't yn fuotballe wurde kin, komme der ferskate sithoekjes.
Doarpsbewenners binne entûsjast en wurkje hurd mei oan de oanpassing fan it gebiet. Sa hawwe de bern ôfrûne wykein beammen oan it plantsjen west. Om't it bestimmingsplan wizige wurde moat, duorret it noch wol inkele moannen foar't begûn wurde kin mei de oanlis fan de pannakoai.