"Mear toeristen út Sina"

Fryslân kin de kommende jierren bot profitearje fan it Sineesk toerisme. De ferwachting is dat it tal Sinezen dat nei Nederlân komt fertsienfâldigje sil. Dêrom wie Merk Fryslân mei op in reis fan in hannelsdelegaasje nei Sina. It toerismeburo presintearre dêr trije Fryske saken op de Unesco-Wrâlderfguodlist: it Woudagemaal, planetarium Eise Eisinga en de Waadsee.
Sinezen fine toeristyske attraksjes mei status en bekendheid belangryk. Ljouwert Kulturele Haadstêd, waadrinnen en skjinne loft kinne ek lûkers wurde, ferwachtet Merk Fryslân.