"Tûzen otters nei Nederlân"

27 okt 2014 - 19:53

Natuerferienings út it hiele lân komme mei in gearwurkingsferbân om de otter te rêden. Doel is dat Nederlân yn 2020 tûzen otters telt. Der is in webside makke dêr't minsken mei ideeën komme kinne om de otter struktureel te helpen: otterchallenge.nl.

Acht op de tsien otters komme om it libben troch in net-natuerlike oarsaak, lykas oanridings. Yn it gearwurkingsferbân sitte ûnder oare natuermonuminten, Otterstation Nederland, Stichting Vrienden van de Otter en Steatsboskbehear.

Takom wike wurdt der in konvenant tusken alle partijen ûndertekene.

Trefwurden: 
otter gearwurking
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)