Huzen yn Snits besketten

© ANP XTRA
Sân huzen yn Snits binne it ôfrûne wykein besketten mei in noch ûnbekend foarwerp. Dêrby binne in tal ruten fernield. It giet om wenningen oan de Koningsspil, Winsemiusstrjitte, Scherhemstrjitte, Goeman Borgesiusleane, Molenkrite, Leeuwarderweg en it IJlsterplein. De plysje tinkt dat de huzen mooglik besketten binne út in donkere auto wei. Tsjûgen wurde frege om har te melden by de plysje.