Stickers op lantearnepeallen

27 okt 2014 - 16:35

Mear as 12.000 lantearnepeallen yn Smellingerlân krije ynkoarten in saneamde QR-koadesticker opplakt. Wa't sa'n sticker foar in smartphone hâldt, wurdt nei in webside laat dêr't ien bygelyks melde kin dat it ljocht it net mear docht. Ek is te sjen oft it al trochjûn is. It komt wol krekt om de goede sticker op de goede lantearnepeal te krijen.

Dizze nije wurkwize is oanfoljend op de oare wizen dat it mooglik is de gemeente te attindearjen op in net wurkjende lantearnpeal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)