"Wurkjouwer ynformearje mei"

27 okt 2014 - 16:30

Justysje is net fan doel in ûndersyk yn te stellen nei gefallen wêryn't in offisier fan justysje ien yn de problemen bringt troch syn wurkjouwer yn te ljochtsjen oer in strafrjochtlike fertinking. Advokaat Tjalling van der Goot makke twa kear mei dat minsken dien krigen en letter frijsprutsen waarden troch de rjochter. Hy fynt dat de offisier fan justysje yn sa'n gefal op de stoel fan de rjochter sit en stipet in ûndersyk nei sokke gefallen. Parse-offisier fan justysje Pieter van Rest sjocht gjin oanlieding om dêr yn mei te gean.

Neffens Van Rest jout de wet romte om wurkjouwers te ynformearjen as it om de yntegriteit fan amtners giet, de feilichheid der mei tsjinne is of omdat der beslach lein wurdt op guod fan de wurkjouwer. Sy geane net oer ien nacht iis as it om soksoarte fan besluten giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)