A7 by Ofslútdyk ticht om brêge

27 okt 2014 - 16:01

Op de Ofslútdyk wienen moandeitemiddei op 'e nij problemen. De brêge by de Stevinsluzen by Den Oever wie stikken. Dêrtroch wie de A7 yn beide rjochtingen hast in oere ticht. Der steane noch wol lange files op de A7.

Ofrûne freed wie it ek al mis op de Ofslútdyk. Doe wie der mear as in oere fertraging foar automobilisten.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)