"Minskehannel better oanpakke"

27 okt 2014 - 15:05
  • Nij gebou Centrum Kinderhandel Mensenhandel
  • Centrum Kinderhandel Mensenhandel yn Ljouwert
  • Iepening Centrum Kinderhandel Mensenhandel

Mear dieders fan minskehannel kinne oanhâlden wurde, troch it nije lanlike Centrum Kinderhandel Mensenhandel yn Ljouwert. Dat sei steatssiktaris Fred Teeven fan Justysje moandei by de iepening fan it nije gebou yn Ljouwert, ûnderdiel fan Fier Fryslân. Yn de ôfrûne jierren binne yn trochsneed 150 fertochten yn it jier feroardiele en se wurde ek swierder straft.

De measte slachtoffers fan minskehannel wurde útbuite yn de seksyndustry. Yn 2013 binne mear as 1.400 mooglike slachtoffers fan minskehannel registrearre.

In tredde part dêrfan is Nederlânsk; de rest fan de slachtoffers komt foar in grut part út East-Europa. Hast 90 prosint fan de slachtoffers binne froulju; in tredde part dêrfan is bern.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)