Gjin priis Oostergo-terras

27 okt 2014 - 14:11
  • Terras Oostergoo yn Grou

It terras fan hotel restaurant Oostergo út Grou is der net yn slagge de titel 'Gesellichste terras fan Nederlân' te pakken. It Grouster hotel wie earder al útkeazen ta gesellichste terras fan Fryslân en mocht it opnimme tsjin de oare provinsjale winners.

Moandeitemoarn waard lykwols bekend makke dat De Smulpot fan Texel har it kommende jier it gesellichste terras fan Nederlân neame mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)