Stipe foar glêsfezelprojekten

27 okt 2014 - 13:37
  • De oanlis fan glêsfezel

Goed 400 hûshâldens op it Fryske plattelân wurde ynkoarten oansletten op glêsfezel. Ferskate gebieten hawwe lokale stichtingen opset om mei syn allen subsydzje oan te freegjen. De provinsje jout subsydzje oan acht pilotprojekten yn Follegea-Jistergea, Langedike, De Fjouwer Doarpen en Hidaard, Stichting Glasvezel Achtkarspelen, Stichting Glasvezelnetwerk Middelsee, Kabel Noord in Sibrandahûs, Brekkenpolder-Teakesyl en Stichting Glasvezelnetwerk Snitserdyk. It nije netwurk is nedich, om't der yn dizze gebieten noch in koperferbining leit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)