Ebolaposter net yn elk sikehûs

Sikehûzen yn Fryslân tinke ferskillend oer it pleatsen fan ebolaposters. Sûnt ferline wike hingje posters yn it MCL yn Ljouwert en it Antonius sikehûs yn Snits. De poster ropt minsken dy't koarts ha en yn Guinee, Liberia of Sierra Leone west ha, op om har fuort te melden by de spoedeaskjende help (SEH). Nij Smellinghe yn Drachten hat net sa'n poster hingjen. De Tjongerskâns op It Hearrenfean hat him allinnich by SEH hingjen.
Neffens Anne-Marie van Elsacker fan Izore ha de sikehûzen itselde ebolaprotokol, mar kin de kommunikaasje ferskille.