Man pakt mei ynbrekkersark

Argyffoto © Omrop Fryslân
In 37-jierrige man út Burgum is sneintenacht yn Ljouwert oanhâlden om't er ynbrekke woe. De plysje krige meldings dat yn de Ludolf Bakhuizenstraat in man omspoeke om fjouwer oere nachts. Nei in sykaksje troffen se de Burgumer oan. Hy hie ark by him en wie dwaande by in doar fan in túnsket. De fertochte is oanhâlden en meinaam nei it buro foar fierder ûndersyk.