Resten Latynske skoalle fûn

By renovaasje en restauraasje fan in tal huzen fan it Sint Anthony Gasthuis yn Ljouwert hat bouhistoarikus Henk Oly ûntdutsen dat op it plak fan it gebou oait de earste Latynske skoalle sitten hat. Alde stiennen binne noch sichtber.
By it wurk oan de Grutte Tsjerkestrjitte is ek in muorreskildering út de 18de ieu oantroffen. By de renovaasje wurde sa folle mooglik âlde details behâlden. De renovaasje en nijbou fan it Sint Anthony Gasthuis sels begjint yn jannewaris takom jier. It hiele projekt moat yn 2017 klear wêze.
De Latynske skoalle hat hjir nei alle gedachten oant 1916 sitten en wie ien fan de meast ferneamde en grutste skoallen fan Fryslân.