"Mooglik ride yn snijfêst pak"

27 okt 2014 - 10:57

Maratonriders moatte tenei mooglik yn in snijfêst pak ride. Dat oerwaget de KNSB nei oanlieding fan de swiere ûngelokken sneontejûn by de maraton op Thialf. It reedridersbûn besjocht de kommende wiken oft ekstra feilichheidsmaatregels needsaaklik binne. Ek it ferplicht stellen fan in helm en oanpassing fan de boarding rûnom de iisbaan wurdt oerwage.

Technysk direkteur Arie Koops fan de KNSB fynt dat de oanpassings feilich, mar ek komfortabel wêze moatte.

De ôfrûne tiid wienen yn in koart skoftke tiid tal fan slimme ûngelokken yn de reedrydwrâld. Christijn Groeneveld gong begjin oktober by in training yn Inzell ûnderút en bruts dêrby syn rêch. Ek rûn er in brutsen ribbe en in klaplong op. Ofrûne sneon yn Thialf rekke Martin van de Pol swier ferwûne oan de skonk en bruts Jane Ravestein in wervel yn 'e rêch. Yn shorttrack binne al pakken ferplichte dy't oer skerpe redens kinne. Maratonriders ha al wol snijfêste sokken, moffen en beskermers op de skynbonke oan.

Neffens Haico Bouma, âld-maratonrider dy't no in saak hat yn reedrydguod, hie in snijfêst pak it ûngelok mei Martin van de Pol mooglik foarkomme kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)