Gemeenten wurkje mear gear

Gemeente Dantumadiel
De gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân tekenje freed de yntinsjeferklearring mei as doel om te kommen ta ien amtlike organisaasje. Dat is nedich troch ûnder oare de desintralisaasje fan de soarch, wêrby't taken fan it Ryk nei de gemeenten geane.
De taken op it mêd fan soarch en wolwêzen freegje om mear gearwurking yn ien mienskiplike útfieringsorganisaasje. De yntinsjeferklearring wurdt ûndertekene yn it MFC fan Burdaard.